Hûnewacht

opgong

ik wachtsje op ’e slaggen acht yn ’e gong
fol ljocht en waarmte want bûten by it roer
is kjeld en ferwachtsje se de noarderstoarm

oan heakken dy’t stekke út it stielen skot
hingje de jassen fan harren dy’t troch de doar
gienen en net werom kamen

ik krij dy fan in âld kaptein
de rook fan wreed katoen
it skjirjen fan kanvas

de klok slacht de wacht begjint
ik stap oan dek en de stjoerman
in tel it ljocht op syn wyt gesicht

sjoch ik syn holle eagen
hy seit in goede wacht
de koers kinst hâlde sa

en fuort en ticht de doar
it tsjuster
it roer

 

it earste glês

it swakke wjerskynljocht
ferdwynt oan bak yn oprinnende wolkens
hear ik de sike fan in fûgel dy’t twifelet
oft er driuwe sil mei de ûnsichtbere weach
dy’t letter razend op in kust brekke moat
oft er bliuwe moat
de wolkens bouwe in seal en de nacht heint
fisken dy’t fleane en fallende stjerren út ’e Pleiaden wei
waar ljochtet de seal wyn sjongt
mei de betide tongergoaden


it twadde glês

en rein slacht
rivieren op it dek deselde rein
dy’t ienris in mobile tillefoan bleatspielde
dy’t yn ’e kille klaai bedobbe lei it skerm
spegele it each mar wie fan binnen fol fan fine dripkes


it tredde glês

sâlt wetter byt yn djippe wûnen
en leit de skipskat dea
it slûpend risseljen fan ratten
komt al boppe de wyn út


it fjirde glês

it each fan ’e stoarm
sûnder beweging
stjonkt it wetter hjir
seegers dat yn ’e swarte dize
al wiken lang te rotsjen lei


it fiifde glês

de goaden yn ’e seal fan wolkens gear binne ûnsichtber
yn it tsjuster smite se mei aaien en stiennen en fjoer stuitet
as in platte stien op it wetter
sa as by de seediken en de kribben fan rivieren
it hâldt it heale oere oan se fjochtsje en raze ûntspoare de himel

en dan is it ynienen stil
it wurd is sprutsen

ik wol it net witte en krij in flesse leech en smyt dy nei de fisken
en aaien krij ik ek en smyt it aaiwyt en aaigiel de akelige aaien
nei de allessjende eagen
aaiwyt dat spieren en eagen makket mar ek eagen falle
útinoar yn tûzenen sellen dy’t waakse en waakse


it seisde glês

mei in klap ropt de skipshûd
fol smerte foar in ferdronken seekontener
of foar in walfisk dea mar it skip is net skeind
yn neare nacht driuwt alles yn fleagen foarby ik hear
it yn herinnering ik rekonstruear it wêzen dat ik seach
gjin stodamp mar de âld kaptein mei ynfallen wangen en it wite hier
hy fear foarby wiuwend op in ferdronken seekontener


it sânde glês
(flarden fan in stim)

bisto dat jonge do likest op my
yn dy âlde jas dy’tst oanhast
it is dochs wat dat ik hjir driuw
………………………………………….
………………………….… datst my hearre kinst
…………………………………………………………………………
farre op in skip of sitte oan in tafel op snein
en witte fan it gean nei it fabryk op moandeitemoarn
is itselde wy binne medisynmannen mei in kast fol krûdige planten
en fjoer dat ús hûs baarnt kin ús net deare
ek dy net it bliuwt ús hûs
………………………………………………………………………………
wês de man dêr’t nei útsjoen wurdt
……………………………………………………………………………….
ik far nei de trochsichtige fisken yn it ûndjippe wetter de baai
…………………….net langer it sâlt yn ’e wûnen


it achtste glês

wer slacht de rein yn it gesicht de wyn hellet oan
in flesse foar de fisken in aai foar it each
ik bin wer de man dêr’t nei útsjoen waard

al is de koers net mear te hâlden en giet de kop yn ’e wyn
en farre we troch wetterslangen en krije de fan ûnderen beljochte wolkens
bonkige skonken en readrazende mûlen
ik hear stimmen dy’t sprekke it lûd
wurdt fersterke en noch ienris hear ik de namme fan him
waans âlde jas ik draach

ik stook tsjin de stoarm it fjoer fan fabriken
ik sla mei it swurd smeid fan it izer fan redens
en ik oerwin as de stoarm him deljout de wacht op syn ein rint
en de dei hast lemieret mei in moanne fan glês

oan in jonge mei ynblauwe eagen jou ik de wacht oer
net folle bysûnders kinst hâlde de koers

de jas
myn jas

© Simon Oosting
From: Hûnewacht (Afûk 2012)